Opstartsite logo

Opstartsite, dé site om mee op te starten.

Regionaal Nieuws Friesland

Datum: 04-09-2010 Tijd: 21:11

Fleantúch yn greide Earnewâld

By Earnewâld hat in ultralight fleantúch sneontejûn in foarsoarchslanding makke yn in stik greide. It fleantúch mei deryn twa minsken kaam krekt werom fan in reis nei it Dútse waadeilân Borkum en wie ûnderweis nei Drachten. Boppe de Alde Feanen begûn de motor te stotterjen. Om't de piloat gjin risiko's nimme woe hat hy it tastel fuort-en-daliks oan de grûn set. Beide ynsittenden hiene neat. Ek it fleantúch rekke net beskeadige.

Datum: 04-09-2010 Tijd: 17:31

Hjoed: Breuk formaasje ferrast

De haadpunten fan Hjoed 4 septimber: * Fryske politisy ferrast troch breuk formaasje * Great Wide Open hat grins berikt * Swimtocht oer Iselmar

Datum: 04-09-2010 Tijd: 17:09

Soad besikers festival Flylân

Dit wykein is op Flylân it festival Into the Great Wide Open. It muzyk- en keunstevenemint lûkt 5200 besikers. Ferline jier wiene dat der noch 4000. Neffens de organisaasje moat it festival no ek net fierder mear groeie. It festival is in echt gesinsbarren. By de programmearring en de ynrjochting fan it festivalterrein is dêr rekken mei hâlden. In protte besikers komme dan ek mei bern.

Datum: 04-09-2010 Tijd: 16:51

Winst Harkemase Boys

Topklasser Harkemase Boys hat yn Hardenberg mei 2-1 wûn fan HHC. De ploech fan trainer Henk de Jong kaam nei njoggen minuten op in 1-0 efterstân. Dy stân stie by it skoft ek op it skoareboerd. Yn de 63e minút wie it Dennis Krohne dy't nei in prachtige oanfal de lykmakker makke. Harvey Bischop makke de winnende treffer foar de Boys. Harkemase Boys hat seis punten út fjouwer wedstriden.

Datum: 04-09-2010 Tijd: 16:25

It Heidenskip opknapt

It Heidenskip is it ôfrûne jier foar trije ton opknapt. Benammen yn it doarpssintrum is in protte bard. It Heidenskip is fral bekend fan it fierljeppen. It doarp telt 365 ynwenners mar op dagen dat der ljept wurdt binne der folle mear. Dat frege om bettere foarsjenningen, foaral by de ljepskâns. Achter de tsjerke is de dyk opnij straat en foar parkearen is no mear rûmte. De nije ynformaasjebuorden sille ynkoarten te plak set wurde.

Datum: 04-09-2010 Tijd: 16:09

Earste Fryske keatskrite

Yn Winsum is sneontemiddei de earste keatskrite fan Fryslân iepene. Dat is in beheind, ynkleure en beline keatsfjild op in hurde ûndergrûn. Op de keatskrite kinne bern op in maklike en leechdrompelige wize keatsen leare. Doel is om sa it jeugdkeatsen te befoarderjen. It is te fergelykjen mei de Cruijf courts foar it fuotbaljen. De keninklike PC hat de keatskrite yn Winsum finansjeel stipe.

Datum: 04-09-2010 Tijd: 15:19

Van Maasdijk fleanfeest

Op It Hearrenfean wurdt sneontemiddei it Van Maasdijk fleanfeest hâlden. Dat wie útsteld om't it ferline wike fanwege it minne waar net trochgean koe. Yn de wyk Skoatterwâld binne de hiele middei demonstraasjes fan ferskate loftsporten te sjen. Ek is der in akrobatyske show. Mei it feest wurdt betocht dat Clement van Maasdijk 100 jier lyn as earste Nederlanner mei in fleanberevet boppe It Hearrenfean fleach. Goed 100.000 minsken wiene dêr doe tsjûge fan.

Datum: 04-09-2010 Tijd: 14:54

Ynbrekkers warber yn Fryslân

Ut in hûs oan de Van Emstweg yn Appelskea is freed in laptop stellen. De dieder koe it hûs ynkomme troch de pinnen út de skarnieren fan in rút te heljen. Nei alle gedachten is de dieder steurd by syn ynbraak, in klearsteande tv waard net meinaam. Freedtenacht is ynbrutsen yn in hûs oan de Jornsmastate yn Ljouwert. Dêrby waard ek in laptop meinaam en dêr mist de bewenner wol de tv en ek in tas. De dieder hat yn Ljouwert in achterdoar iepenbrutsen om deryn te kommen.

Datum: 04-09-2010 Tijd: 14:38

Jeugd stelt ferkearsbuorden

Seis jongeren hawwe bekend freedtenacht ferkearsbuorden fernield te hawwen yn Appelskea. De seis waarden sjoen troch in foarbygonger, dy't de plysje tipte. Dy koe de jongeren oanhâlde yn in keet yn Appelskea. Dêr bekenden se dat se de ferkearsbuorden meinaam hiene om de keet mei te fersieren. It giet om jongeren fan 15 en 16 jier út Appelskea, Langedike, Easterwâlde en Makkingea. De plysje hat de buorden yn beslach naam.

Datum: 04-09-2010 Tijd: 14:32

Man bedriget portier

De plysje hat freedtenacht yn Ljouwert in 21-jierrige ynwenner fan dy stêd oanhâlden. De man soe de portier fan in kroech yn de Oude Doelensteeg bedrige hawwe. It giet om in klant fan de kroech. De man is troch de plysje fêstset foar fierder ferhoar.

Friesland, Nieuws Regionaal, Aalzum, Hieslum, Peperga, Abbega, Hijlaard, Piaam, Achlum, Hijum, Pietersbierum, Akkrum, Hindeloopen, Pingjum, Akmarijp, Hinnaard, Poppenwier, Aldeboarn, Hitzum, Raard, Allingawier, Hogebeintum, Raerd, Aldtsjerk, Hollum Ameland, Ravenswoud, Anjum, Holwerd, Reahus, Appelscha, Hommerts, Reduzum, Arum, Hoornsterzwaag, Reitsum, Augsbuurt, Huns, Rhederveld gem Vlagtwedde, Augustinusga, Hurdegaryp, Ried, Baaium, Idaerd, Rien, Baard, Idsegahuizum, Rijperkerk, Bakhuizen, Idskenhuizen, Rijs, Bakkeveen, Idzega, Rohel, Balk, Iens, Rotstergaast, Ballum Ameland, IJlst, Rotsterhaule, Bantega, Indijk, Rottevalle, Bears, Irnsum, Rottum fr, Beetgum, It Heidenskip, Ruigahuizen, Beetgumermolen, Itens, Ryptsjerk, Beetsterzwaag, Jannum, Sandfirden, Bergum, Janum, Schalsum, Berlikum fr, Jellum, Scharnegoutum, Birdaard, Jelsum, Scharsterbrug, Blauwhuis, Jirnsum, Scherpenzeel fr, Blesdijke, Jislum, Schettens, Blessum, Jonkerslan, Schiermonnikoog, Blije, Jorwert, Schingen, Boazum, Joure, Schraard, Boelenslaan, Jouswier, Sexbierum, Boer, Jubbega, Sibrandabuorren, Boijl, Jutrijp, Siegerswoude, Boksum, Katlijk, Sint Annaparochie, Bolsward, Kimswerd, Sint Jacobiparochie, Bontebok, Klooster-Lidlum, Sint Nicolaasga, Boornbergum, Kolderwolde, Sintjohannesga, Boornzwaag, Kollum, Slappeterp, Bornwird, Kollumerpomp, Slijkenburg, Brantgum, Kollumerzwaag, Sloten fr, Breezanddijk, Kootstertille, Smallebrugge, Britsum, Kornwerderzand, Sneek, Britswerd, Kortehemmen, Snikzwaag, Broek fr, Koudum, Sondel, Buitenpost, Koufurderrige, Sonnega, Burdaard, Kubaard, Spanga, Buren Ameland, Langedijke, Spannum, Burgum, Langelille, Stavoren, Burgwerd, Langezwaag, Steggerda, Burum, Langweer, Stiens, Cornjum, Leeuwarden, Stroobos, Cornwerd, Legemeer, Sumar, Damwoude, Lemmer, Surhuisterveen, De Blesse, Leons, Surhuizum, De Hoeve, Lichtaard, Ter Idzard, De Knipe, Lies, Terband, De Veenhoop, Lioessens, Terherne, De Wilgen, Lippenhuizen, Terhorne, Dearsum, Lollum, Terkaple, Dedgum, Longerhouw, Ternaard, Deinum, Luinjeberd, Teroele, Delfstrahuizen, Luxwoude, Terschelling, Dijken, Makkinga, Terschelling Baaiduinen, Dokkum, Makkum fr, Terschelling Formerum, Dokkummer Nieuwe Zijlen, Mantgum, Terschelling Hee, Dongjum, Marrum, Terschelling Hoorn, Doniaga, Marssum, Terschelling Kaart, Donkerbroek, Menaldum, Terschelling Kinnum, Drachten, Metslawier, Terschelling Landerum, Drachtstercompagnie, Midlum, Terschelling Lies, Driesum, Mildam, Terschelling Midsland, Drogeham, Minnertsga, Terschelling Oosterend, Dronrijp, Mirns, Terschelling Seerijp, Eagum, Moddergat, Terschelling West, Earnewald, Molkwerum, Tersoal, Easterein gem Littenseradiel, Morra, Terwispel, Easterlittens, Munnekeburen, Tijnje, Eastermar, Munnekezijl, Tirns, Easterwierrum, Nes Ameland, Tjalhuizum, Echten fr, Nes gem Boarnsterhim, Tjalleberd, Echtenerbrug, Nes gem Dongeradeel, Tjerkgaast, Ee, Niawier, Tjerkwerd, Eernewoude, Nieuwebrug fr, Triemen, Elahuizen, Nieuwehorne, Twijzel, Elsloo fr, Nieuweschoot, Twijzelerheide, Engelum, Nij Beets, Tytsjerk, Engwierum, Nijeberkoop, Tzum, Exmorra, Nijega, Tzummarum, Ferwert, Nijehaske, Uitwellingerga, Ferwoude, Nijeholtpade, Ureterp, Finkum, Nijelamer, Veenklooster, Firdgum, Nijemirdum, Veenwouden, Fochteloo, Nijetrijne, Vegelinsoord, Follega, Nijhuizum, Vinkega, Folsgare, Nijland, Vrouwenparochie, Foudgum, Noardburgum, Waaksens, Franeker, Noordbergum, Waaxens gem Dongeradeel, Friens, Noordwolde fr, Wanswert, Frieschepalen, Oenkerk, Warfstermolen, Gaast, Offingawier, Warga, Gaastmeer, Oldeberkoop, Warns, Gauw, Oldeholtpade, Warstiens, Gerkesklooster, Oldeholtwolde, Warten, Gersloot, Oldelamer, Wartena, Giekerk, Oldeouwer, Waskemeer, Ginnum, Olterterp, Weidum, Goenga, Oosterbierum, Wergea, Goingarijp, Oostermeer, Westergeest, Gorredijk, Oosternijkerk, Westhem, Goutum, Oosterstreek, Westhoek, Greonterp, Oosterwolde fr, Wier, Grou, Oosterzee, Wierum, Grouw, Oosthem, Wijckel, Hallum, Oostrum fr, Wijnjewoude, Hantum, Oostum, Winsum fr, Hantumeruitburen, Oost-Vlieland, Wirdum fr, Hantumhuizen, Opeinde, Witmarsum, Hardegarijp, Oppenhuizen, Wiuwert, Harich, Oranjewoud, Wjelsryp, Harkema, Oude Bildtzijl, Wolsum, Harlingen, Oude Leije, Wolvega, Hartwerd, Oudega gem Gaasterlan-Sleat, Wommels, Haskerdijken, Oudega gem Wymbritseradiel, Wons, Haskerhorne, Oudehaske, Workum, Haule, Oudehorne, Woudsend, Haulerwijk, Oudemirdum, Wyns, Heeg, Oudeschoot, Ypecolsga, Heerenveen, Oudkerk, Aldtsjerk, Zandhuizen, Hegebeintum, Oudwoude, Zurich, Hemelum, Ouwsterhaule, Zwaagwesteinde, Hemrik, Ouwster-Nijega, Zwagerbosch, Herbaijum, Paesens, Zweins, Hiaure, Parrega, Hichtum, Peins, Hidaard.

© opstartsite.nl -

opstartsite.nlopstartsite.be